K.F. Easterein
homeroutecontactprogrammazoek
Jong-Feinte

Foarwurd, De Sulveren Leest en KNKB
Utslach Jong-Feinte 2011
Ferslach Jong-Feinte 27-07-2011
Gem Littenseradiel, Hâld Faesje, Skoalleseize
Freule, Ald Meiers en Jong Famme


Foarwurd, De Sulveren Leest en KNKB

K.F. Easterein - Germ Kooistra
Gerben Kooistra

Jong-Feintepartij: keatsen ferbynt!

Foar de 7e kear op rige stiet op ús keatsaginda de Jong-Feinte. Dé partij fan de Keatsferiening Easterein. In belangrike oanfolling op de aginda fan de KNKB en foar de keatsers in belangrike ferbining tusken de kategory junioaren en de senioaren.


Tegearre mei de KNKB hoopje wy dat we de junioare sa by it keatsen hâlde kinne. Yn 2005 hiene we de earste edysje fan dizze partij wêrby at Wytmarsum foar it earst de ‘Sulveren Leest’ mei nei hûs naam. Yn 2006 koe der dêr bliuwe wernei’t yn 2007 Makkum de moaie, unike wikselpriis binnen helle.

Yn 2008 en 2009 wie Holwert de sterkste en yn de lêste edysje wûnen de mannen fan Tsjummearum de finale fan St Anne en hat de priis der in jier west. Hjoed stiet er wer yn de bestjoerswein en witte we oan it ein fan de dei wêr’t ús ‘Sulveren Leest’ kommende tiid stiet. Wy hoopje dan ek dat dizze priis mei in stimulâns wêze mei om troch te gean mei’t keatsen en noch better te wurden.

Wy binne der grutsk op dat we dizze partij elts jier organisearje meie en dat we in soad minsken wolkom hjitte kinne op ús sportkompleks, de ‘Skoalleseize’. In soad frijwilligers op it fjild meitsje dat sa’n dei in sukses dei wurdt. Net allinne foar de keatsers mar ek foar it publyk en de ynwenners fan Easterein. In dei wêr’t Easterein ien dei it keatshert fan Fryslân is. Wêr’t it keatsen ferbynt, ûnderling mar ek it publyk ferbynt mei in aktive keatsôfdieling dy’t eins altyd oan it fernijen is en iepen stiet foar nije ideeën.

In keatsferiening dy’t noch altyd groeit, yn ledetal mar ek yn namme. Hjirtroch kinne wy ús leden in ferskaat oan ledepartijen oanbiede mar ha we ek drok besochte kompetysjejûnen bij senioaren en jeugd. Fiele jo je ferbûn mei ús mar stiet dat noch net op papier? Jo kin in bestjoerslid oansprekke en dan wurde jo ek lid fan ús prachtige feriening. It keatsen libbet yn Easterein en dat wolle wy graach sa hâlde!

Dit jier ha we ek wer in dikke prizenpot wêr’t om keatst wurdt. Dit kin om’t we ek dit jier wer in soad stipers ree fûn ha om ús te stypjen yn wat foar foarm dan ek. Hjir bin we tige bliid mei. Dat jout mei besteansrjocht oan sa’n dei.
Mei de ynset fan in soad frijwilligers foar en efter de skermen besykje wy der wer in prachtige dei fan te meitsjen. Nei de wedstriid is der live muzyk yn it ferienings-gebou en we hoopje dat jimme allegear noch in gesellige neisit ha.

Ut namme fan de keatsferiening Easterein winskje ik jimme allegear in hiele moaie keatsdei ta.

Gerben Kooistra
Foarsitter


K.N.K.B. - Sipke Saakstra
Sipke Saakstra
Keninklike Nederlânske Keatsbûn

In protte fan de junioaren dy’t hjoed op de list steane, hearden yn de jongeskategory meastentiids ta de toppers, ta de bettere keatsers. Hoe oars is dat as jo ûnder de junioaren/senioaren komme. Jo winne minder faak in priis, keatse minder omlopen en hawwe dus minder faak sukses. It is faak de dreechste tiid foar ús talinten, it falt faaks net ta je tusken de keatsers te keatsen dy’t al jierren ta dizze kategory hearre.


Dat ferget en freget wilskreft, in sterkementaliteit, trochsettingsfermogen. Just dan is it belangryk dat je de kop net gek meitsje litte, jo moatte yn jo eigen kreft en talint liuwen bliuwe, jo foar hâlde dat it tydlik is dat je watminder sukses hawwe en jo foar hâlde dat der wis en wrachtich wer bettere tiden komme. Traine, keatse, traine is dan it motto. Nei in oantal jierren sjoch jo dan wol gauris dat keatsers dy’t ûnder de jonges net echt ta de top hearden, nei boppen driuwe kommen ûnder de junioaren. Dat binne dan faak de keatsers dy’t neist in goeie oanlis foar it keatsen, ek oer in sterke mentaliteit beskikke.

Tegearre mei de Jong Nederlân foarmet de Jong Feintepartij it platfoarm wêrop ús jonge keatstalinten sjen litte kinne hoefier se binne op wei nei it grutte spul. De Jong Feintepartij hat himsels belangryk makke foar ús junioarenkategory. De Jong Feintepartij is in hichtepunt yn it keatsseizoen en dermei jout dizze party in geweldige stimulâns oan it junioarekeatsen. Hulde oan keatsferieniging Easterein dy’t dat yn ‘no time’ berikt hat!

Alle keatsers hjoed in protte súkses tawinske. En mocht it hjoed net slagje, dan foaral trochsette!

Sipke Saakstra
Foarsitter fan de KNKB


Jan Hiemstra
Jan Hiemstra
“Sân kear Jong-Feintepartij”

It getal sân is net samar in getal. De wike hat sân dagen en yn de toanljedder sitte sân noaten. Neffens it âlde testamint wiene der sân skeppingsdagen en rûnen de preesters sân kear om de muorren fan de stêd Jericho ear ‘t dy ynstoarten. Sniewytsje hie sân dwergen en it lietsje ‘Heb je wel gehoord van de zeven de zeven, heb je wel gehoord van de zevensprong’ is grif by eltsenien bekend.


En dan ha wy de ‘zevenklapper’ noch as spektakulêr stik fjoerwurk. Sa soe ik noch wol efkes trochgean kinne om oan te jaan dat yn de skiednis fan it minskdom it getal sân oansjen hat. It oansjen fan dit getal wurdt hjoed allinne mar grutter om ‘t de Jong-Feintepartij op dizze dei, op 27-ste july 2011, foar de sande kear hâlden wurdt!

Lyk as it getal sân in wat mysterieuze byklank hat, sa sil it oan it begjin fan dizze dei ek wer in mystearje wêze wa ‘t de partij winne sil. De Fryske siswize ‘pikerje net, it komt dochs oars’ is sterk op it keatsen fan tapassing en dit is dan ek de sjarme fan it ûnferwachte.

As in partij foar de sande kear hâlden wurdt dan is it dúdlik dat der sprake is fan in tradysje. It winnen fan in tradisjonele partij ‘hat’ wat. Foar it manljuskeatsen is it winnen fan it klaverke fjouwer it grutte doel der ’t nei stribbe wurdt. De fjouwer bledsjes steane dan by it keatsen foar it winnen fan de Freule, de Jong Nederland, de Bondspartij en de PC, mar ha fan oarsprong de betsjutting fan hope, betrouwen, leafde en lok. It soe my lykwols net fernuverje dat dit klaverke fjouwer yn de takomst ferfongen wurdt troch in oaremutant fan it klaverbledsje, it klaverke fiif. Ek dizze klaverkes komme foar yn de natoer, mar om se te finen moat der noch better socht wurde as om in klaverke fjouwer. It is dan ek net ûnmooglik dat it winnen fan de Jong-Feintepartij it fyfde bledsje fan it klaverke fiif wurdt.

Om net al te folle op dizze bespegelingen foarút te rinnen hoopje ik yn alle gefallen dat de ‘zevenklapper’ fan hjoed op ’e nij in moaie keatsdei wurdt.

Jan Hiemstra

"De Sulveren Leest"

Nei boppe



Utslach Jong-Feinte 2011


Erik de Groot, Jan Hof, Patrick Scheepstra, Ludwig Seerden

Steven de Bruin, Hans Wassenaar, Arnold Zijlstra, Wim Seepma

Jouke Bosje, Siebe Greidanus, Pieter Sijberen Scharringa, Paulus Yde Walda


Douwe Rienstra, en Menno van Zwieten Niek Feenstra en ?

1e omloop
De winner fan de Jong-Feinte fan 2010, Tsjummearum mei moast lykas ferline jier begjinne tsjim Makkum. Ek no ferlear Lennart Adema, mei Jelle Attema en Jesse Adema. Op 3-2:6-6 komt Tsjummearum op 2 spul. Op 5-2:4-6 slacht Arnold in sitbal. De folgende opslach wurdt troch Jesse kwea út slein.

In oare kreaker wie de wedstriid St Anne-Wjelsryp. Sjoerd de Jong, Pieter Jan Plat en Roelof de Jong komme op 4-2 foar tsjin Pieter Sijberen Scharringa, Siebe Greidanus en Jouke Bosje. Wjelsryp komt werom op 4-4 en pakt ek de 4-5. Dan komt Wjelsryp, mei Siebe foar best, 2-6 foar, mar St Anne komt werom as Sjoerd in sitbal pleatst op Jouke en op 6-6 slacht Jouke de bal kwea Dan slacht Sjoerd 2 bûten en nei in keats Pieter Jan ek 1 bûten, 0-6. De platte opslach fan Siebe kin Pieter Jan net foarby de keats krije en dit kear wint Wjelsryp. Yn de heale finale fan it NK ferlearen hja noch fan St Anne mei 5-5:6-4.

Debutanten Eksmoarre en Ysbrechtum komme de earste omloop net troch. Eksmoarre ferliest fan Boalsert en Ysbrechtum fan Hartwert. Debutant Peins komt fierder troch te winnen fan Minnertsgea. Easterein 1 mei Jelte Pieter Dijkstra, Ewout de Boer en Carlo Booms ferlieze fan Tsjummearum mei 5-4:6-4.

1) Wommels 3 - 2) Wommels 4 5-0:6-2
3) Dronryp - 4) Harns 5-3:6-2
5) Boalsert - 6) Eksmoarre 5-1:6-6
7) Tsjummearum 2 - 8) Makkum 5-2:6-6
9) Easterein 2 - 10) Folsgeare 5-4:6-4
11) Tsjummearum 1 - 12) Easterein 1 5-4:6-4
13) Seisbierrum-Pietersbierum - 14) Frjentsjer 2 5-1:6-6
15) Wommels 5 - 16) Stiens 2-5:2-6
17) Ysbrechtum - 18) Hartwert 2-5:0-6
19) St Anne - 20) Wjelsryp 5-5:0-6
21) Easterlittens - 22) Wytmarsum 5-2:6-2
23) Minnertsgea - 24) Peins 4-5:6-6
25) Wommels 1 - 26) Wommels 2 4-5:4-6

2e omloop
Nei it steand nûmer op de 1e list, moast Frjentsjer tsjin Wommels 3. Se winne dat mei 5-4:6-2. Dronryp ferliest ferrassend mei dikke sifers fan Boalsert en Easterein 2 (Doede Rients Okkema, Ids de Boer en Bert Couperus) is ek fan de list nei ferlies tsjin Tsjummearum. Ferrassend is ek it ferlies fan Hartwert (finalist op it NK Junioaren) tsjin Stiens. Wjelsryp wint maklik fan Easterlittens en Peins komt de 2e omloop maklik troch.

27) Frjentsjer - 1) Wommels 3 5-4:6-2
3) Dronryp - 5) Boalsert 1-5:4-6
7) Tsjummearum 2 - 9) Easterein 2 5-0:6-6
11) Tsjummearum 1 - 13) Seisbierrum-Pietersbierum 4-5:4-6
16) Stiens - 18) Hartwert 5-4:6-4
20) Wjelsryp - 21) Easterlittens 5-1:6-0
24) Peins - 26) Wommels 2 5-0:6-6

3e omloop
Frjentsjer keatst op de 3e list tsjin Boalsert mei Peter en Thomas van Zuiden en Hendrik Bouwhuis en Bolasert komt twa kear op foarsprong, 1-2 en 2-3. Mar Frjentsjer mei Jan Hof, Erik de Groot en Patrick Scheepstra wit de wedstriid nei har ta te lûken en komt sels op 5-3. Boalsert hellet wol 5-4, mar op 5-4:6-2 slacht Patrick boppe. Tsjummearum hat in maklik potsje tsjin Seisbierum-Pietersbierrum dat it oare Tsjummearum wol ferslein hie en ek Wjeslryp rint der samar troch tsjin Stiens. Peins stie al yn de heale finale mei in steand nûmer.

27) Frjentsjer - 5) Boalsert 5-4:6-2
7) Tsjummearum - 13) Seisbierrum-Pietersbierum 5-1:6-2
16) Stiens - 20) Wjelsryp 0-5:4-6

Heale finale
De oandacht gie foaral út nei de heale finale tusken Tsjummearum en Wjelsryp, mar Peins en Frjentsjer makken der ek in moaie pot fan. it partoer mei Douwe Rienstra, Niek Feenstra en Menno van Zwieten, wie de ferrassing fan de dei. Frjentsjer sloech in 'gat' fan in spul, 2-4. Mar Peins byt har fêst en komme op 3-4 en as Patrick op 6-2 bûten slacht dan is it wer gelyk, 4-4. In skjin earst betsjut 4-5 foar Frjentsjer. Op 4-6 leit der yn lytse keats. Menno slacht op en Frjentsjer slacht muoilik út, mar Niek fielt de bal fia de hân efter him gean. Frjentsjer nei de finale!

Tsjummearum wint mei 5-3:6-2 fan Wjelsryp. Foaral de opslach fan Wjelsryp joech de trochslach. Der waard fûleindich keatst en grimmitich, mar sportyf. En hja kinne elkoar ek knap mei wurden ek knap bespylje en dat makket it keatsen op sa’n dei krekt prachtich!
Tsjummearum komt 3-1 foar. As Arnold bûten slacht op 4-6, dan komt Wjelsryp wer by, 3-2. De kâns om gelyk te kommen wurdt 'ferskiten' as Siebe op 6-6 de bal bûten bringt. As Steven de keats net foarby slacht komt Wjelsryp op 4-3. Steven slacht net folle op, mar de sitbal op Siebe (knapper) op 6-4 is goed foar de fiif earsten! As Tsjummearum dan in 6-0 foarsprong nimt (bûten en kwea Siebe, en boppeslach fan Hans op opslach Jouke), dan sjocht Wjelsryp de bui hingjen. In boppeslach fan Jouke bringt 6-2 op it boerd, mar de sitbal fan Hans betsjut de finale foar Tsjummearum, krekt as yn 2010,

24) Peins - 27) Frjentsjer 1 4-5:4-6
7) Tsjummearum - 20) Wjelsryp 5-3:6-2

Finale
It earste earst is foar Tsjummearum, as Patrick op 6-6 bûten slacht. Op 6-4 pakte Steven de keats mei in backhand. 0-1. In bûtenslach fan Patrick, boppe fan Hans, sitbal fan Patrick en wer bûten, 2-6 en in lytse keats. Frjentsjerter Erik slacht út, mar Steven slacht werom foar de keats, 0-2. 1-2, Patrick op 6-4 (boppeslach Erik op 4-4) de opslach die Steven útslacht. Erik slacht werom yn it perk. In bûtenslach fan Patrick op 4-6 betsjut in gat fan in spul, 1-3. En ek it folgjende earst is foar Tsjummearum as op 1-3:2-6 Hans in sitbal slacht. Arnold is wer efkes fan de opslach.

Frjentsjer komt wer by as op 6-6 Patrick de bal boppe slacht, 2-4. En dat nei 2-6 efter!
Frjentsjer makket ta folle fouten oan de opslach en de ballen die yn binne wurde goed ferwurke troch Hans en Steven. OP 2-6 slacht Patrick er bûten. Hy moat it ek lûke yn it partoer fan Frjentsjer al wurdt hy knap stipe troch Erik yn it perk, Jan docht wat der kin by de twadde opslach. Op 2-6 is it 1-5. Dit kear is de winst foar Patrick as hy op 4-4 beide keatsen pakt!, 2-5.
Mei 2-4 en twa dikke keatsen in kâns foar Frjentsjer. De earste pakke se as Hans kwea útslacht. De 6-4 is foar Frjentsjer as Hans de knappe opslach fan Patrick net goed ferwurket. 6-6 wurdt it nei in foarslach fan Patrick. De folgjende opslach wurdt wer troch Hans kwea slein, 4-5 en it is wer partij, seker as Patrick in sitbal op de kwea slacht.

Dernei pakt Tsjummearum beide keatsen troch sitballen fan Steven en Hans. As Hans bûten slacht wurdt it 4-4. De earste keats wurdt knap pakt troch Frjentsjer, De oare keats is foar Tsjummearum. Op 6-6 slacht Hans op, en Erik slacht de keats foarby, as Hans tinkt dat it lear is, 5-5!

5-5:6-6!. It ferrin fan it earst. 0-2, kwea út Patrick, 2-2 bûten Hans, 2-4 platte bal Jan, twadde stuit Hans. 4-4 as Steven de keats foarby slacht. Foarslach fan Patrick, 4-6 en dernei in geweldige sitbal op de kwea fan Patrick, 5-5:6-6!
Patrick slacht dan op, Hans út en Jan Hof pakt de winst op de Sânde Jong-Feinte troch de bal werom te slaan yn it perk! Wat in finale!

27) Frjentsjer - 7) Tsjummearum 5-5:8-6

Klassemint 2010

Nei boppe



Ferslach Jong-Feinte 27-07-2011

De Sânde Jong-Feinte, edysje mei rekôrs!

De sânde edysje fan de Jong-Feinte wie in alle opsichten in bysûndere edysje. In nij rekôr oan dielnimmende partoeren (27), in rekôr oan beteljende besikers (258), gjin inkele bal fuort, allinnich de bal wer de lêste slach mei slein waard, waard kocht troch Patrick Scheepstra, it nije multyfunksjoneel terrein yn gebrûk foar it parkearren, rekôr oan broadsjes hamburger, in live ferslach op sawol de website fan de KNKB as kfeasterein.nl.

En de earste kear dat in finale fan de Jong-Feinte op 5-5:6-6 beslikke waard!

Sichtber en ‘net sichtber’ de frijwilligers fan keatsferiening Easterein en De Skoalleseize. In geweldige prestaasje is levere wêrtroch de hiele dei gemoedlik, flot en gesellich ferrûn as nea tefoaren. De nije bestjoersleden wienen tige wiis mei harren earste, mar hiel suksesfolle edysje. De edysje wêr mar leafst 11 keatsers presint wienen die woansdei 3 augustus yn Frjentsjer op de PC stean (Arnold Zijlstra, Thomas van Zuiden, Hans Wassenaar, Jelte-Pieter Dijkstra, Siebe Greidanus, Feiko Broersma, Sjoerd de Jong, Hendrik Kootstra, Pieter Sijberen Scharringa, Pieter Jan Plat en Jouke Bosje). De Jong-Feinte, in poadium foar talint!

Bysûnder foar Frjentsjer wie dat de Jong-Fammen fan Frjentsjer (winners fan de Jong-Famme yn Mantgum) de krânsen omhingje mochten by de winners fan de Jong-Feinte, de Jong-Feinten fan Frjentsjer! Nei in 3e priis op de earste edysje yn 2005 (Cees Malda, Michel van der Veen en Tjitte Bonnema) no de Sulveren Leest nei Frjentsjer!

Om presiis 11.00 giet it los ûnder de prima lieding fan Durk Wierstra en Sipke Hiemstra en de grutte pleoch trouwe karmasters, telegrafisten en blokjerinners. Derfoar waard it nije winnersboerd fan de Jong-Feinte ûntbleate troch Abe en Annie Stegenga, trouwe supporters en frijwilligers fan keatsferiening Easterein, die it boerd ek oanbean ha. Se geane nei alle fjilden ta wer mar Eastereinders keatse. De fjilden leinen wer moai neist elkoar en dat makket it moai smûk, sels mei sa’n 500 minsken op it fjild.

Yn 2011 dus 27 partoeren op de list. Yn 2006 en 2010 wienen dat 24 partoeren en de oare jierren 26. Debutanten yn 2011 wienen Eksmoarre, Frjentsjer 2, Peins, Tsjummearum 2, Wommels 3, Wommels 4, Wommels 5, Ysbrechtum. De partoeren die wol op it NK Junioaren 2011 wienen, mar net op de Jong-Feinte: St Jacob, Wynaam, Amsterdam, Kimswert, Bitgum, Holwert, Berltsum, Anjum, Rie. Oan alle edysjes ha de folgjende ôfdielings meidien: Easterein,
Tsjummearum, Dronryp, Wommels, Makkum.

Frjentsjer mei Jan Hof, Erik de Groot, Patrick Scheepstra wint de Jong-Feinte 2011 en kaam yn de finale troch in steand nûmer op de 1e list en winst op Wommels 3, 5-4:6-2, Boalsert, 5-4:6-2 en Peins, 4-5:4-6.
Tsjummearum, winner fan 2010 mei Arnold Zijlstra, Steven de Bruin en Hans Wassenaar winne fan Makkum, 5-2:6-6, Easterein 2, 5-0:6-6, Seisbierum-Pietersbierrum, 5-1:6-2 en Wjelsryp 5-3:6-4.

Peins, mei Douwe Rienstra, Niek Feenstra en Menno van Zwieten, is de ferrassing fan de dei winne in 3e priis troch winst op Minnertsgea, 4-5:6-6, Wommels 2, 5-0:6-6 en doe mei in steand nûmer yn de heale finale en ferlern fan Frjentsjer, 4-5:4-6. Wjelsryp, mei Pieter Sijberen Scharringa, Siebe Greidanus en Jouke Bosje, wint ek in 3e priis. Winst op St Anne, 5-5:0-6 (yn de heale finale fan it NK ferlearen hja fan St Anne mei 5-5:6-4), Easterlittens, 5-1:6-0, Stiens (dat ferrassend wûn fan Hartwert, finalist op it NK–junioaren), 0-5:4-6 en tsjin Tsjummearum waard de heale finale ferlern mei 5-3:6-2. Sawol Peins as Wjelsryp ha noch net earder in priis wûn op de Jong-Feinte.

De finale begjint pas echt as de stân al 2-5 foar Tsjummearum is, nei’t Patrick op 2-6 bûten slacht. Yn it folgjende earst is de winst foar Patrick as hy op 4-4 beide keatsen pakt, 3-5. Mei 2-4 en twa dikke keatsen kâns foar Frjentsjer en it slagget. De 6-4 is foar Frjentsjer, mar it wurdt 6-6 nei in foarslach fan Patrick en as Hans dernei kwea slacht is it 4-5 en it is wer partij. Op 2-5:6-6 tinkt Hans de partij te winnen as de platte opslach net troch Erik ferwurke wurde kin, mar Patrick slacht mei de stuit de keats wol foarby, 5-5! OP 4-4 slacht Patrick ien foar en dernei in geweldige sitbal op de kwea, 5-5:6-6! Patrick slacht wer op, Hans Wassenaar wol út, mar net goed en Jan Hof pakt de winst op de Sânde Jong-Feinte troch de bal werom te slaan yn it perk!

By de priisútrikking kriget it partoer fan Frjentsjer de krânsen omhong fan de Frjentsjerter Jong-Fammen en dernei in taspraak fan Frjentsjerter Jan Hiemstra, betinker en stiper fan De Sulveren Leest. Jan is tige grutske op syn stedsgenoaten.

De Sânde edysje sit der op en wie fantastysk! In prachtige dei die einige mei in spannende finale en ferrassende winner fan de Jong-Feinte. In geweldige publike belangstelling en wat ha we it troffen mei it waar! We sjogge jimme graach wer yn 2012, op de fjirde woansdei fan july, 25 july 2012.

Utslach
1. Frjentsjer (Jan Hof, Erik de Groot, Patrick Scheepstra)
2. Tsjummearum (Arnold Zijlstra, Steven de Bruin, Hans Wassenaar)
3. Wjelsryp (Pieter Sijberen Scharringa, Siebe Greidanus, Jouke Bosje)
3. Peins (Douwe Rienstra, Niek Feenstra, Menno van Zwieten)

Foto’s Jong-Feintepartij (eigen)
Foto’s Jong-Feintepartij (Henk Bootsma)
Sportfotograaf

De frijwilligers op de Jong-Feinte 2011

It winnersboerd oanbean troch Abe en Annie Stegenga


Gem Littenseradiel, Hâld Faesje, Skoalleseize

Foar de Jong-Feinte ha wy Gemeente Littenseradiel, Doarpsbelang Hâld Faesje en Stifting Skoalleseize frege om in wurdsje te skriuwen. Hja ha allegear harren meiwurking ferlient. Tige tank derfoar.

Gemeente Littenseradiel - Johanneke Liemburg
Johanneke Liemburg

De haadrol fan Easterein

Om’t ik mei fakânsje wie, haw ik it Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens dit jier net meimakke. Neffens de krante waard it in tige spannende finale tusken Easterein en Dronryp. Easterein ferlear en ferlieze dogge se dêr net graach.
Dat ferklearret fuortdaliks wêrom't se it parkearterrein by de sporthal, de sportfjilden en de fuotbalkantine oeral helje wolle om der mear gebrûk fan meitsje te kinnen. In Jeu de Boulesbaan ha se al, dêr komt rûnom wei folk op ôf.

Mar foar it Jeu de Peloten kinne de fasiliteiten wol wat ferbettere wurde, lit dat mar oan it doarp oer. Al jierren binne se op 'en paad om tastimming te krijen en fansels it nedige jild. Easterein wie ferline jier mei Easterlittens, Mantgum en Wommels ek ien fan de foaroprinners fan it nije keatsen, dat it spul foar it publyk oantrekliker meitsje moat. Bitgum en Sint Anne ha har dêr no ek by oansletten.

Yn Easterein witte se ek, dat der gjin fernijing wêze kin sûnder respekt foar it âlde. De Jong-Feintepartij is ek in inisjatyf fan de keatsklub fan Easterein. Nei in fierstente moaie maitiid falt de simmer oant no ta ôf. Lit ús hoopje, dat foar de sânde Jong-Feintepartij it reinwetter efkes op is en de hurde wyn him deljûn hat. Dan ha wy teminsten wer útsjoch op in prachtige keatsdei.

Johanneke Liemburg,
Boargemaster


Doarpsbelang Hâld Faesje - Silvia Hania
Silvia Hania

“Hâld Faesje” Easterein – In ‘ienige’ dei

It is wer sa fier: de Jong-Feintepartij is hjoed yn Easterein. In feest dêr’t hieltyd mear minsken út Easterein en fier dêr bûten nei út sjogge.
Doarpsbelang Hâld Faesje hat it ôfrûne jier drok dwaande west mei in nije doarpsfisy. Ienigens (saamhorigheid) is in wurd dat dêr in tal kearen yn nei foaren komt. En sport wurdt neamd as in faktor dy’t dêr in wichtige bydrage oan levert.
It seit genôch dat de KF Easterein in ledetal hat dat ûngefear in tredde is fan it totaal tal ynwenners fan Easterein. We sjogge de ienigens ek op de dei fan de Jong Feintepartij werom. In protte frijwilligers binne yn it spier om dizze dei ta in feest te meitsjen foar spilers, publyk en doarp.

En wêr hawwe jo de auto hjoed stean? Op it stuit dat wy dizze tekst skriuwe, liket it (iis, rein en wederdienende) derop dat jo dat dwaan kinnen hawwe op ús nije multyfunksjonele terrein. Bedoeld om op drokke dagen te parkearen, mar noch wichtiger: as ekstra foarsjenning foar it keatsen, it fuotbaljen en al dy oare aktiviteiten dy’t Easterein ta in libben doarp meitsje.

Tank oan elkenien dy’t dizze dei mei mooglik makket: fan keatsers oant keatsferiening, fan frijwilligers oant sponsoren en fansels net te ferjitten it publyk. Ut namme fan Doarpsbelang winskje ik ús allegearre in ‘ienige’ dei ta!

Silvia Hania
Feriening fan Doarpsbelang “Hâld Faesje”


Stifting Skoalleseize - Marco Hoekstra

It bestjoer fan Stifting de Skoalleseize is tige wiis mei sa’n prachtige keatswedstriid as de Jong-Feintepartij. Dizze partij is mei it NK (Jong Nederlân) de keatsklassiker foar manlju junioaren. De keatsferiening docht der alles oan om dizze keatsdei ta in grut sukses te meitsjen.
At jo sjogge hoe’t alles derby leit en wat hja allegearre dien hawwe oan tarieding dan is dat in grut komplimint wurdich, hjirfoar ús tank!

Mei-inoar besykje wy Easterein op de (sport)kaart te setten. Mei in prachtich keatsfjild, in keatsmuorre yn de sporthal en in jeu de pelote fjild op it nije parkearterrein binne we al in moai ein op wei. Mar der binne mear útdagingen.

Guon klaaikeamers moatte opknapt wurde en troch de ledengroei by sawol de keats- as fuotbalferiening soene we ek oer mear fjilden beskikke moatte. Ús foarkar giet út nei in keunstgersfjild. Hjiroer binne de earste goeie petearen west mei de gemeente Littenseradiel. De fjildsport yn Easterein libbet ferskuorrend, dit moatte we heech yn it findel hâlde!

KF Easterein hat dik trijehûndert leden. Hja keatse op alle nivo’s. Foar al dizze minsken wurde der in protte partijen organisearre, ek yn KNKB ferbân.

Dit jier in famkes, jonges, junioaren en ta beslút in senioarenwedstriid. Dit kin allinnich mar mei help fan ús grutte leger entûsjaste frijwilligers, hjir leit de basis foar in bloeiende keatsferiening. Wêr’t in lyts doarp grut yn wêze kin.

Hjoed wurdt der foar de sânde kear keatst om de ‘De Sulveren Leest’. Wytmarsum en Holwert ha beide twa kear wûn en Makkum en Tsjummearum ien kear. It NK waard dit jier wûn troch St-Anne, soene hja dizze stunt herhelje kinne?

Mar der binne meardere partoeren dy’t mei dogge om de prizen. Holwert, Wjelsryp, Hartwert, Tsjummearum moatte ek in ein komme kinne. Mooglik in ferrassing fan it oar partoer of soene de pleatslike favoriten harren prestaasje (tredde priis op it NK) ferbetterje kinne?

It bestjoer fan de Skoalleseize winsket alle keatsers en taskôgers in moaie keatsdei ta!

Út namme fan de Skoalleseize,
Marco Hoekstra (skriuwer)

Nei boppe




Freule, Ald Meiers en Jong Famme

By de 1e Jong-Feinte ha wy de ferienings Wommels, Hitsum en Mantgum frege om in wurdsje te skriuwen oer dizze nije partij. Wy binne der wiis mei dat hja allegear harren meiwurking ferliene woenen. Tige tank derfoar.

Wommels - De Freule (jonges 14-16) - Piet Postma
De Villa fan de Freule

Wommels hat syn Freuledei en no hat Easterein syn Jong-Feintedei. Fansels hoopje wy dat dizze partij foar Easterein wurdt, wat de Freuledei foar Wommels is.

No is it spitigernôch dochs hiel faak sa, dat in protte jonges gjin wedstriden mear keatse as hja te âld foar de Freulepartij wurden binne.

Dat is fansels hiel spitich foar it keatsen, mar ja der lûke, nei de jongestiid, ek hiel oare saken oan de Jong Feinten. Der wurdt nei Fammen omsjoen, nei in scooter, nei klean, nei rûkersguod, nei autoriden, nei “stappe, nei wurk ensfh.

Wy hoopje dat K.F. Easterein mei de Jong-Feintepartij in protte keatsers oan it keatsen hâldt en jimme Jong Feinten, wit dat in keatspartij ek altiid wol Jong Fammen lûkt!

Wa wit stiet oer in oantal jierren it folgende rigje by alle jongeskeatsers op ‘e holle:

4e woansdei nei 1 july: Jong-Feintedei, Easterein
5e woansdei nei 1 july: P.C., Frjentsjer
6e woansdei nei 1 july: Freuledei, Wommels

Op 10 augustus 2005 wurdt de 103e Freulepartij ferkeatst en wy sprekke de hoop út dat oer in oantal jierren der op in protte feesten û.o. songen wurde sil;

“De Jong-Feintedei yn Easterein,
foar it keatsen in feestdei, sûnder ein”

K.F. Wommels,
Wommels


Hitsum - Ald Meiers (famkes 14-16) - Betty Blanksma
Sulveren Pong
De “Jong-Feintepartij”, in nij inisjatyf……

Dat no krekt kf ‘Easterein’ mei dit nije inisjatyf komt, ferwûndert ús net alhiel. Wy as keatsleafhawwers witte allegearre wol dat ‘Easterein’ bekind stiet as in hiele warbere feriening. En as jo oan wat nijs begjinne - lykas dizze partij - dan is dat yn ’t bysûnder nedich.

D’r komt safolle by te sjen; sponsors sykje, kontakten mei de KNKB, parseberjochten skriuwe, priizen betinke en útsykje, drukwurk fersoargje, útnoegings ferstjoere, neam it mar op. Ik soe hast sizze kinne: “Wy witte d’r alles fan”.

De earste kear is fansels de dreechste, mar elts jier komt der wol wer wat nijs by te sjen. Wy sels sitte no alwer yn ‘t 6e jier, it bliuwt spannend. Mar as de dei dan ien kear útein set is en alles ferrint nei winsk, dan ha jo ek wer in tige foldien gefoel.
De “Ald-Meiers Partij” is no alhiel ynboargere en blykt ‘in gat yn ‘e keatsmerk’ west te hawwen.

Doe’t kf “Jacob Klaver” fan Mantgum destiids oppere in ‘wedstriid foar dames-junioaren ôfdielings’ organisearje te wollen, hie ‘Easterein’ dêr ek wol earen nei. Earstneamde feriening hat it foarelkoar krigen de wedstriid op’e aginda te krijen, mar jimme binne doe net stilsitten gien!

Wy hoopje mei jim dat ek dizze “Jong-Feintepartij” yn in grutte behoefte foarsjen sil. De heren-junioaren kategory hat net al tefolle wedstriiden en kin sa’n útspringer neffens ús wol brûke!

Wy winskje jimme dan ek in protte sukses, foar no en yn de takomst!

K.F. ‘De Eendracht’
Hitsum


Mantgum - Jong Famme (Froulju 17-21) - Popke vd Zee
Jong-Famme
De kracht fan ‘e tradysje

De sjarme en de kracht fan it keatsen sit ‘m foar in net ûnbelangryk part yn tradysjes. De prachtige partijen dêr’t elkenien by wêze wol as keatser of as publyk. Klassikers dêr’t de toppers fan no har kroane litte ta iendaagse keningen krektlyk as har heiten en pakes dat earder diene. It is moai en moedich tagelyk dat der ek hjoeddedei noch ferieningen binne dy’t it oandoarre nije partijen te organisearen mei de yntinsje om nije loaten ûntsprute te litten oan de stamme fan tradisionele partijen.

Hitzum joech seis jier lyn it goeie foarbyld mei de Ald Meierspartij. No al, de partij foar de famkeskategoary en hurd op wei de tsjinhinger te wurden fan in oare klassiker: de Freule yn Wommels. De KF Jacob Klaver fan Mantgum kaam trije jier lyn mei it inisiatyf foar de Jong Fammepartij. Moai dat der no in apart poadium is foar junioare froulju om har talinten mei leeftydsgenoaten te mjitten. It winnen fan de gouden klaverkes is no al de dream fan elk jongfaam.

In bestjoer mei fyzje siket nije útdagingen foar harsels as ynspiraasjeboarne, foar har feriening en foaral foar de keatsers en de keatssport It bestjoer fan KF Easterein hat dy moed en dy fyzje ek tinkt my troch it op priemmen setten fan de Jong Feintepartij.

It is moai dat ek dit jongste inisiatyf opset is foar ús jeugd dy’t it ferstjinnet in eigen poadium te hawwen dêr’t se ekseleare kinne. Ik winskje de KF Easterein de oanhâldende moed om de Jong Feintedei de kommende jierren op de keatskaart te setten as in tradisoneel weromkearend barren, dêr’t elke jongkeardel by wêze wol. It keatsen fan moarn moat it ha fan de jeugd fan hjoed. De jong fammedei hat hjoed in broerke krigen: in heuglike dei, it keatsen libbet.

K.F. Jacob Klaver
Mantgum

Nei boppe




Disclaimer