K.F. Easterein
homeroutecontactprogrammazoek
Ynformaasje

LIDMAATSCHAP
WEDSTRIDEN KNKB
WEDSTRIDEN FEDERAASJE
KOMPETYSJEKEATSEN
KEATSTRAINEN SEAL EN FJILD


LIDMAATSCHAP

OANMELDE
Liket it jo ek wat ta om te keatsen, jou jo dan skriftlik op by:
Wiepkje Hiemstra, 0515-333880
Per 1-1-2012: De Terp 6, 8731 AZ Wommels
Per 1-3-2012: Eeskwert 29, 8734 HA Easterein

Foar in oanmeldingsformulier en foar neiere ynformaasje sjoch by: OANMELDE

Wy wolle jo freegje om feroarings oangeande it adres skriftlik troch te jaan. Ek opsizzen fan it lidmaatskip kinne wy allinne ferwurkje at it skriftlik bard. By opsizzen yn it rinnende it jier sil noch wol de kontribúsje yn rekken brocht wurde. Dit hat alles te krijen mei de ôfdracht fan in diel fan de kontribúsje oan de KNKB it lid.

KONTRIBÚSJE / TRAININGEN:
Senioaren (fanôf 17 jier)		: € 29,50 it jier
Jongerein (oant 17 jier) : € 22,00 it jier
(gjin ynlis op ’e jongereinledewedstriden yn Easterein)
Training seal jongerein (6-16 jier) : € 16,50 it jier
Training fjild jongerein (6-16 jier) : € 13,00 it jier

Training fjild (seleksje) junioaren/senioaren : € 15,00 it jier
BANKREKKEN:
3495.01.904 Keatsfer. Easterein, Rabobank Sneek-ZuidwestFriesland.

KEATSYNFORMAASJE
Yn it ferieningsgebou De Skoallseize op it sportfjild stiet op it publikaasjeboerd yn de hal it nijs fan de keatsferiening, de listen fan wedstriden en de kompetysjestannen.
Jo kinne al it (keats)nijs ek fine op de webside fan K.F. EASTEREIN, de K.N.K.B. en de KAATSEN.NL

KEATSWANTEN
Der is in soad fraach nei brûkte keatswanten. Wy woene dêr op ynspylje, dus ha jo in keatswant oer, as moatte jo der krekt ien brûke, nim dan kontakt op mei:
Wiepkje Hiemstra, 0515-333880
Per 1-3-2012: Eeskwert 29, 8734 HA Easterein
.

WEDSTRIDEN LEDEN
De (jongerein)ledewedstriden steane yn de wedstriidaginda yn it programmaboekje en op dizze webside ûnder AGENDA.

Opjefte SENIOAREN allinnich by: Wiepkje Hiemstra, 0515-333880, Per 1-3-2012: Eeskwert 29, 8734 HA Easterein as fia e-mail OPJEFTE

Opjefte JONGEREIN/JEUGD allinnich by: Riemy Kamstra, Foarbuorren 21, Easterein, 0515-332670, OPJEFTE JONGEREIN
Wedstriden op woansdei	:	opjaan snein foar 19.00 oere.
Wedstriden op freed : opjaan woansdei foar 19.00 oere.
Wedstriden op sneon : opjaan tongersdei foar 19.00 oere.
Wedstriden op snein : opjaan freed foar 19.00 oere.

Ynlis Ledewedstriden senioaren : € 3,00 per partij
Ynlis Ledewedstriden jongerein : fergees
(jonges en famkes fan 14 jier en âlder, dy’t dielnimme oan de senioarewedstriden moatte wol ynlis betelje - € 3,00). Allinnich balkeare mei net. Bij frije formaasje partijen mei it partoer dit sels witte.

Nei boppe



WEDSTRIDEN KNKB

Topfysio!

Gearwurking K.F. Easterein & Topfysio


EASTEREIN
De Wedstriidkommisje bestiet út Wiepkje Hiemstra, Annie Sjaarda en Jelle de Boer.

Wat docht de wedstriidkommisje?
De taak fan de wedstriidkommisje is de organisaasje fan de K.N.K.B. partijen. Sa is der in draaiboek makke wêryn festlein is wa ferantwurdlik is foar bepaalde taken lykas fjildlizzen, prizen regelje, ûntfangst skiedsrjochter ensfh.

Ek it regeljen fan (foldwaande) karmasters en oanmerkers is in taak fan de wedstriidkommisje. It freegjen fan karmasters barde meastal op het lêste momint en wie sadwaande faaks in ûnsekere faktor. As wedstriidkommisje wolle wy hjir mear struktuer yn oanbringe en rom fan te foaren de saken regelje.

Derom kriget elts lid in formulier wer hja him / har oanmelde kin as karmaster. Betink hjirby wol dat de organisaasje en it goed ferrinnen fan in K.N.K.B.-wedstriid de ferantwurding fan elts lid is! Jou jimme derom op om minimaal 1 kear, mar leafst faker te funksjonearen as karmaster. Kofje, sop en broadsjes binne foar rekken fan keatsferiening Easterein!
It formulier graach ynfolje en ynleverje by: Wiepkje Hiemstra Per 1-3-2012: Eeskwert 29, 8734 HA Easterein

WEDSTRIDEN YN EASTEREIN
Famkes ôfdieling+t.i.l.    	15 maaie 2011	10:00/12:00
Haadklasse Jonges A+B 2 july 2011 10:00
Lotting Jong-Feintepartij 23 july 2011 20:00
Jong-Feinte, junioren ôfdieling 27 july 2011 11:00
Manlju senioaren frije formaasje 14 augustus 2010 11:00
WIS IN

De wedstriidaginda fan de KNKB wedstriden wurdt alle moannen publisearre yn de WIS-IN en op de webside WWW.KNKB.NL.

De agenda op de webside is it meast aktueel! De wedstriidaginda (poster) oer it hiele jier hinget op it publikaasjeberd yn it ferieningsgebou De Skoalleseie op sportpark “De Skoalleseize”.

Ek kin men gebrûk meitsje fan de webside fan de KNKB NIJS FAN DE KNKB as de webside KAATSEN.NL.

Yn de WIS IN stiet allegear ynformaasje oer it KNKB-keatsen. Derneist steane der faaks ynterviews mei (âld) keatsers en keatsters yn. WIS-IN ferskynt eltse moanne. Jo kinne jo opjaan by:
Bondsbureau KNKB, Abe Lenstraboulevard 8, 8448 JB Heerenveen
Postbus 490, 8440 AL Heerenveen
Telefoonnummer 0513 - 67 22 40 / E-mail: info@knkb.nl
Fax 0513 - 67 22 49
.

LEDEPAS
Eltse spiler kriget jierliks in nasjonale ledepas, dêr’t it bûnsnûmer en de persoanlike gegevens op stean en ek oantreklike koartingen bied by in soad bedriuwen.

T.I.L.- AS FRIJE FORMAASJEPARTIJ
Keats(t)ers dy dielnimme wolle oan KNKB-wedstriden moatte lid wêze fan in keatsferiening dy’t oansletten is by de KNKB. Foar dielname oan KNKB-wedstriden moat ynlis betelle wurde. De ynlis foar senioaren/junioaren is Euro 5,00 en foar de jongerein Euro 3,00.
Famkes dy’t dielnimme oan frouljuswedstriden betelje jongereintaryf. Jonges dy’t dielnimme oan junioarenwedstriden betelje jongereintaryf.
By it ynlisjild is in wedstriidlist ynbegrepen. Ek ôfdielingspartoeren moatte ynlis betelje, mei útsûndering fan de Nederlânske Kampioenskippen.

Opjaan foar in wedstriid moat fia de webside fan KNKB.NL by WEDSTRIJDAGENDA.
De opjefte kin fia de webside troch ynfoljen fan it bûnsnûmer, bertedei en e-mailadres. Dan komt de namme daliks op in oanmeldlist (foar kontrôle).
De opjefte foar nije wikein moat ek FOAR MOANDEIS 14.00 OERE dient wêze!

De keatser moat sels foar in tidige opjefte soarchje. De datum fan opjefte stiet op de website en yn de WIS-IN.
Ek foar FEDERAASJWEDSTRIDEN moate opjoen wurde fia de website fan de KNKB.

Sjoch by HANDLEIDING GEBRUIK WEBISTE BIJ KNKB-WEDSTRIJDEN foar alle ynformaasje.


TROCH-INOAR-LOTTERS KLEAN
Mei yngong fan 2009 hat keatsferiening Easterein foar leden dy’t dielnimme oan de KNKB-t.i.l.-wedstriden in wedstriidtenu beskikber stelt. De tenu’s binne mooglik makke troch stipe fan 5 bedriuwen dy’t mei harren (bedriuws)namme op it wyte shirt en swarte broekje steane.

Fan de leden wurdt ferwachte dat hja op de t.i.l.-wedstriden fan de KNKB dit tenu drage sille en dêrmei de namme en útstrieling fan keatsferiening Easterein en de stipers útdrage sille op de wedstriden.

De klean wurde oan it begjin fan it seizoen útjûn oan de KNKB-keatsers. Hja hâlde de tenu’s it hiele seizoen en binne der ek ferantwurdlik foar.

ÔFDIELINGSWEDSTRID
Foar KNKB-ôfdielingswedstriden kinne partoeren ôffeardige wurde, besteande út trije leden fan de keatsferiening Easterein. It gearstallen fan de ôfdielingspartoeren bij de jongerein is de ferantwurdlikheid fan de TECHNYSKE KOMMISJE yn gearwurking mei de JONGEREIN-KOMMISJE. By de junioaren, froulju en senioaren manlju bart de gearstalling ek troch de technyske kommisje yn gearwurking mei it bestjoer.
De begelieder fan it partoer soarget foar de opjefte yn gearwurking mei it wedstriidsekretariaat.

ÔFDIELINGSTENU
Keats(t)ers dy foar KF Easterein útkomme op in ôfdielingswedstriid, keatse yn it ôfdielingstenu fan de KF Easterein. Hjirfoar binne ôfdielingstenu’s beskikber, besteande út in shirt, in broekje en in trainingspak. Yn earste ynstânsje ha de partoeren dy meidogge oan de KNKB wedstriden de foarkar. By te min, hawwe wy noch de beskikking oer oare ôfdielingstenu’s (allinnich ôfdielingshirts).
It behear fan de ôfdielingsklean berêst by: Akke Jikke van Berkum, Dobbelân 4, 8734 GZ Easterein, 0515-532609

De klean graach daliks nei de wedstriid wer ynleverje by Akke Jikke van Berkum, sadat se de klean wer op tiid skjin yn de kast ha kin.

Der is in kleanreglemint gearstalt. Alle partoerbegelieders krije dit reglemint. Hjir stiet yn beskreaun hoe de spilers omgean moatte mei de klean en it dragen derfan by priisútrikkingen.
Dit reglemint leit ek ter ynsage by de PR-kommisje en it sekretariaat.

Nei boppe



WEDSTRIDEN FEDERAASJE

Foar it wedstriidroaster fan de federaasje Snits e.o. en Littenseradiel sjoch de wedstriidaginda's yn it klupblêd as op de webside fan KF Easterein AGENDA.

As jeugdwedstriden op beide agenda’s op deselde datum falle dan meie de jongereinleden allinnich oan de wedstriid fan de federaasje Snits e.o. meidwaan (allinnich fan tapassing op de jongerein fan KF Easterein).

OPJEFTE FEDERAASJE
Opjefte SENIOAREN en Opjefte JONGEREIN/JEUGD fia de website fan de KNKB: WEDSTRIJDAGENDA en kies dan Wedstrijdtype Federatie.

T.I.L.-/FRIJE FORMAASJEPARTIJ
Der wurd in ynlis frege fan € 5,00 per persoan by de senioaren en foar de jongerein € 3,00 yn de federaasje Snits e.o. en yn de federaasje Littenseradiel.

ÔFDIELINGSWEDSTRID
Foar KNKB- en Federaasje ôfdielingswedstriden kinne partoeren ôffeardige wurde, besteande út trije leden fan de keatsferiening Easterein. It gearstallen fan de ôfdielingspartoeren bij de jongerein is de ferantwurdlikheid fan de technyske kommisje yn gearwurking mei de jongereinkommisje.

By de junioaren, froulju en senioaren manlju bart de gearstalling ek troch de technyske kommisje yn gearwurking mei it bestjoer. De begelieder fan it partoer soarget foar de opjefte yn gearwurking mei it wedstriidsekretariaat.

GREIDHOEKE-KOMPETYSJE
Nei it sukses yn 2010, wer Easterein winner wie fan dizze kompetysje, giet ek yn 2011 de kompetysje wer plak finen. De opset en dielname foar 2011 moat noch fêststelt wurde. Der is ek belangstelling fan oare doarpen, sels bûten de Federaasjegrinzen, foar dizze kompetysjefoarm.

JEU DE PELOTE- KOMPETYSJE
Dizze Belgyske keatsfariant is yn ús federaasje hieltyd populêrder wurden. Der wurde manljus- en frouljusploegen ferwachte om oan de kompetysje diel te nimmen en te strieden foar de federaasjetitel. De finale fan dit spektakel sil altiten yn Easterein spile wurde.

Derneist geane we wer ús best dwaan op de Iepen Fryske kampioenskippen yn Easterlittens. It Jeu-de-Pelote team fan Easterein wat hjirfoar ôffeardige wurd sil yn goed oerlis mei de technyske kommisje gearstald wurde. Op de wedstriidagenda fan Federaasje Snits e.o. stean de data en tiden fan de wedstriden.

Nei boppe



KOMPETYSJEKEATSEN

Yn de jiergearkomste op 30 maart 2011 is besletten dat de kompetysje foar senioaren/froulju (fanôf 14 jier) nei de TONGERSDEI sil gean by wize fan eksperiment!

JONGEREIN (JONGES/FAMKES) OANT EN MEI 13 JIER
Tiisdeitejûn om 19.00 oere. De 1e kompetysjejûn is de earste tiisdei yn maaie en giet troch oant en mei de lêste tiisdei yn augustus

It kompetysjekaartsje SNEINS foar 20.00 oere ynleverje by:
Annette Kroondijk-Reijnhoudt, Koaifinne 3, 8734 HK, Easterein, 0515-332112.

It kompetysjekaartsje wurdt mei de nije yndieling fan de keatstrainingen útrikke. Immen dy gjin keatstrainingen folget, kriget it kompetysjekaartsje op de 1e kompetysjejûn.

SPULRIGELS
We ha besluten de rigels by it kompetysjekeatsen wat te feroarjen. Om misferstannen te foarkommen steane de wizigings hjirûnder yn it Hollânsk omskreaun:

Indien er in tweetallen gespeeld worden zijn er de volgende functies:
- één speler slaat voor best op en staat achterin het perk.
- één speler slaat voor minst op en staat voorin het perk.


Indien er in drietallen gespeeld wordt zijn er de volgende functies:
- één speler slaat voor best op en staat buiten het perk
- één speler slaat voor minst op en staat achterin het perk.
- één speler slaat niet op en staat voorin het perk.


Voor beide situaties zijn andere functies niet mogelijk. Er kan tijdens de partij wel gewisseld worden van functies maar alleen op ‘schone eersten’.
Zomaar even een slag om, is er dus niet meer bij. Voordat je de partij begint, moet je dus goede afspraken maken met je medespelers.
Alle overige regels betreffende sportief gedrag en het meehelpen bij het opruimen blijven natuurlijk gewoon van kracht!


FROULJU FANÔF 14 JIER
TONGERDEIS De 1e kompetysjejûn is de earste TONGERSDEI yn maaie en giet troch oant en mei de lêste TONGERSDEI yn augustus.

De earste acht kear om 18.45 oere. Dan wurdt der training jûn foar begjinners en trochsetters. Dus foar eltsenien! De training duorret oant 19.30 oere. Dêrnei begjint it kompetysjekeatsen.

Nei dizze 8 kear, begjint it kompetysje-keatsen ek wer om 19.30 oere. Fanôf 19.00 oere kin der dan ynslein wurde. Wez op tiid!

MANLJU FANÔF 14 JIER
TONGERSDEI De 1e kompetysjejûn is de earste TONGERSDEI yn maaie en giet troch oant en mei de lêste TONGERSDEI yn augustus

It kompetysjekeatsen begjint om 19.30 oere!. Fanôf 19.00 oere kin der dan ynslein wurde. Wez op tiid!

ORGANISAAJSE KOMPETYSJEKEATSEN MANLJU/FROULJU
Foar it organisearjen fan de yndieling op de kompetysjejûn sels wurd fan de leden ferwachte dat hja op syn lêst 19.15 oere har oanmelde kinne by it (bestjoers-)lid fan tsjinst. Dan wurde de partoeren gearstald. Om 19.30 oere kin der dan keatst wurde.
KOM OP TIID!!

De manlju/froulju die letter komme kinne net mear taskoot wurde oan de partoeren sa´t dy gearstald binne. Dus wa´t nei 19.15 oere komt, moat ôfwachtsje of der noch mear komme om mei te keatsen.

De leden/keatsters moatte sels de perken lizze en nei it keatsen ek wer opromje. De folsleine lieding fan in kompetysjejûn is yn hannen fan it (bestjoers-)lid fan tsjinst.

Wy winskje jimme dit seizoen in soad sukses by it kompetysjekeatsen!

Nei boppe



KEATSTRAINEN SEAL EN FJILD

UTGONGSPUNTEN JONGEREIN
De trainingen dy begûn binne yn de 1e wike fan maart en trochrinne oant it begjin fan de simmerfakânsje fan it basisûnderwiis, binne bedoeld foar dejinge dy’t harren hjir apart foar opjûn ha en hjirfoar betelle ha. It is yn begjinsel net mooglik om noch nije gadingmakkers ta te litten.
Dizze keatsers binne wol wolkom by it kompetysjekeatsen!

De sealtrainingen binne oante mei de lêste wike fan april. Yn de wike derop binne de trainingen op de sportfjilden. Tagelyk feroarje de trainingstiden. Eltsenien wurd hjiroer noch ynformearre troch jongerein- en technyske kommisje. Ofhinklik fan de belangstelling en dielname kinne der ekstra trainingen organisearre wurde of kin der langer troch traint wurde.

Neist dizze trainingen binne der partoer-trainingen foar ús jongereinleden yn de kategory oant 7, 8-9 jier, 10-11 jier, 12–13 jier en 14–16 jier.
De jongerein dy’t hjirfoar yn oanmerking komme, wurde útnoege troch de technyske kommisje of troch harren partoerbegelieder.

It is de bedoeling om safolle mooglik fêst te hâlden oan de troch de K.N.K.B. hanteare âlderdomsklassen. Tsjin de regel yn is dat jongereinleden wa troch de technyske kommisje (bestjoerslid technyske saken en trainers) oanwezen wurde, nei in oare klasse stjoerd wurde kin.

De jonges en famkes yn de kategory 14-16 jier binne by it kompetysjekeatsen yndield by de manlju en froulju senioaren. Dizze jonges en famkes meie ek gebrûk meitsje, neist harren eigen training, fan de training foar de manlju en froulju.

Nei boppe



Download(s)
Hânlieding_Opjefte_KNKB-webside
2010_Reglemint Ferieningsklean

Disclaimer